Poerbêste start Oane Galama

18 maaie 2014 - 09:56
  • Oane Galama

Oane Galama hat op superieure wize it fierljepseizoen iepene. Mei in sprong fan 20.95 m wie de Heidenskipster fierút de sterkste yn Bûtenpost. Dy ôfstân is net allinnich in nij skânsrekôr, ek is der noch nea sa fier ljept by in iepeningswedstriid. Thomas Helmholt út Burgum waard twadde mei eksakt in meter minder: 19.95 m. Favoryt Bart Helmholt waard fiifde mei 18.94 m.

By de junioaren gie de titel nei Age Hulder fan Burgum: 18.41 m. Syn sus Lisanne Hulder wie de bêste by de froulju mei 14.29 en by de jonges wûn Jan Teade Nauta mei 17.10 m.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)