Poepkasteel foar skjin wetter

08 feb 2014 - 12:31
  • It printeboek Poepkasteel
  • Bern harkje nei it foarlêzen fan Poepkasteel

Fryske boatsjefarders moatte folle better tinke om it loazingsferbod op it farwetter. Dat is sneon it boadskip fan it Fryske Marreprojekt op Boot Holland yn Ljouwert. Meiwurkers fan de provinsje fine it Fryske wetter noch fierstente smoarch. It probleem is dat hast net te kontrolearjen falt oft rekreanten yllegaal harren ôffalwetter loazje.

Op Boot Holland wurdt dêrom troch Frank Groothof printeboek Poepkasteel foarlêzen oan bern. De hoop is no dat bern harren âlden oansprekke sille op harren gedrach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)