Poepjes wol útkomst oerlis mei Dekker earst yntern beprate

02 nov 2015 - 19:07

It bliuwt ûndúdlik hoe't it earste petear tusken deputearre Poepjes en steatssekretaris Dekker fan mediasaken ferrûn is. Poepjes hat moandeitemiddei yn Den Haag mei Dekker praat oer de posysje fan Omrop Fryslân. Sy wol de útkomsten fan dat petear lykwols earst tiisdeitemoarn beprate mei de oare deputearren en kommissaris Jorritsma.

Steatssekretaris Dekker seit dat er ek noch gjin reaksje jaan kin. Hy hat foaral harke nei de arguminten fan Poepjes. Dekker wol dat Omrop Fryslân opgiet yn in lanlike organisaasje fan regionale omroppen.

In mearderheid fan provinsjale steaten is op it idee fan Dekker tsjin. Sy wolle dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt. Yn de oanrin nei it petear mei Dekker hat deputearre Poepjes hieltyd wegere om oan te jaan oft sy wol of net ree is om in finansjele bydrage te jaan om de omrop te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)