Poepjes test tagonklikheid

21 mrt 2014 - 17:39

Leden fan it kolleezje fan Deputearre Steaten ha freed de binnenstêd fan Ljouwert kontrolearre op tagonklikheid foar minsken mei in beheining. Dat wie yn it ramt fan NLDoet, de jierlikse frijwilligersaksje. Yn winkels en yn de hoareka waard kontrolearre op saken as drompels en smelle gonkjes. Wat neffens deputearre Sietske Poepjes opfoel wie dat guon pinautomaten by kassa's te heech sitte foar rolstoelbrûkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)