Poepjes no lêst op NK damjen

02 nov 2006 - 10:58

Iepie Poepjes fan 'e Lemmer stiet lêste op it Nederlânsk Kampioenskip damjen. Se spile woansdei remize tsjin Barbara Graas. Dêrtroch hat de Lemster nei fiif wedstriden trije punten. It lêste plak dielt se mei Graas en Rijgersberg.

Op it NK yn Zaandam moat Poepjes no noch fjouwer wedstriden spylje. It is foar de Lemster damster de 29ste kear dat se meidocht oan it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)