Poepjes jout moandei startsein Google-oersetwike

21 sep 2015 - 12:00
  • Google yn it Frysk

Deputearre Sietske Poepjes jout moandeitemiddei op it Provinsjehûs it offisjele startskot foar de Fryske Google Translate Wike. Se docht dat mei help fan bern fan trijetalige basisskoalle De Pôlle út Marsum. Doel fan de wike is om it Frysk yn de Google-oersettool te krijen. Dêrfoar kin elkenien dy't dat wol, foarbyldsintsjes fan it Ingelsk oersette yn it Frysk.

Minsken dy't graach wat mear stipe en gesellichheid hawwe wolle, kinne tongersdei de hiele dei terjochte by Tresoar yn Ljouwert.

Op plakken bûten Fryslân sil yn groepsferbân ek oan de Fryske Google Translate wurke wurde. Dat bart letter dizze wike ûnder oare op de Ryksuniversiteit Grins en yn Utrecht op it Drongofestival. As it Frysk 'klear' is foar Google Translate is it tenei mooglik om út it Frysk wei 'oersettings' te meitsjen yn 96 oare talen, lykas Russysk en Japansk. It wurket dan fansels ek oarsom; Google Translate kin ek helpe om fan Portugeesk of Yoruba Frysk te meitsjen.

Yn in YouTube-filmke wurdt útlein hoe't it krekt wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)