Poepjes: Gasjild nei Thialf

10 jan 2012 - 16:28

It nij te bouwen iisstadion Thialf op It Hearrenfean kin bêst betelle wurde fan de opbringsten fan it gasfjild by Ie. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Ek de problemen mei it hege wetter yn Fryslân fan de ôfrûne wike kinne mooglik oplost wurde troch it Fryske gasjild.

De Nederlandse Aardolie Maatschappij, de NAM, makke moandei bekend dat by Ie mar leafst 4 miljard kúb ierdgas ûnder de grûn leit, it grutste gasfjild dat de NAM sûnt 1995 yn Nederlân fûn hat. Yn totaal kin dat gasfjild wol in pear miljard euro opsmite.

Fryslân moat dêr fan meiprofitearje, neffens deputearre Sietske Poepjes. Se wol ynkoarten mei it Ryk prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)