Poepjes: "Festivaljild is foar hiele provinsje"

14 des 2015 - 18:00

"It is net wier dat wy amper jild útjouwe oan festivals, want 213-tûzen euro is net neat". Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Se reagearret dêrmei op de krityk fan de organisaasje fan in oantal Ljouwerter (muzyk)festivals.

De Ljouwerters sizze dat se struktureel te min subsydzje krije, ek fan Fryslân, en dat boppedat te let dúdlik wurdt oft se jild krije of net. Dat smyt problemen op mei it programmearring fan de festivals. Se soene sels dêrtroch ferdwine. Dat soe yn striid wêze mei de plannen fan Ljouwert Kulturele Haadstêd.

Poepjes ûntstriidt dat. Net Ljouwert, mar hiel Fryslân is yn 2018 kulturele haadstêd. "We moatte net allinnich oan de haadstêd tinke, mar oan festivals yn de hiele provinsje". It is in feest fan elkenien. De deputearre seit dat 2016 in oergongsjier is. Yn 2017/2018 giet de nije kultuernota yn. Dan is earder bekend hoe't it jild ferdield wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)