Poelkikkert dwers by nijbou

28 feb 2008 - 16:58

De poelkikkert soarget der mooglik foar dat it plannen fan JB Besturingstechniek yn Easterwâlde net trochgeane. It bedriuw wol nijbouwe op de hoeke fan de Venekoterweg en de N381.

De gemeente is der posityf oer, mar hat ûntdutsen dat de poelkikkert mooglik yn it gebiet foarkomt. Dat moat earst útsocht wurde. Normaal meitsje miljeugroepen har der drok oer, no docht de gemeente dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)