Poel op 'e Harkema wer skjin

05 jun 2013 - 11:49
  • Logo Wetterskip Fryslân

De poel Swartfliet op 'e Harkema is wer skjin. Wetterskip Fryslân hat hast 7.000 kúb slim fersmoarge slib út de poel helle. Dat wurk hat fjouwer moannen duorre.

De fersmoarging wie feroarsake troch tal fan fersinkerijbedriuwen. Der wie gjin gefaar foar de folkssûnens, mar om risiko's yn de takomst út te sluten is it wetter skjinmakke. Ek sleatten dy't mei de poel ferbûn binne, binne saneard. Goed 2.000 fisken waarden fongen en útset yn de Feansterfeart foar't de wurksumheden begûnen. De wethâlder set tongersdei wer in tal fisken werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)