Poeierbrief nei eigen direkteur

27 okt 2001 - 00:00

In ûnderwizer fan basisskoalle 'It Skriuwboerd' yn Surhústerfean hat ferline wike in proef mei poeier nei syn eigen direkteur stjoerd. De man hat dat sels tajûn. It poeier yn it brief wie ûnskuldich, it gie om in 'grapke'.

Direksje en plysje namen de saak lykwols heech op. Justysje hat de saak no yn ûndersyk. Alders fan learlingen ha sneon in brief krigen oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)