Poeierbrief CJIB net gefaarlik

04 des 2008 - 19:10
  • It kantoar fan it CJIB yn Ljouwert

De poeierbrief dy't it Centraal Justitieel Incasso Bureau (CJIB) yn Ljouwert tongersdei krige is net gefaarlik. Dat docht bliken út in earste ûndersyk. De kommende dagen wurdt útsocht wat foar poeier der krekt yn de brief siet.

De plysje besiket ek te achterheljen wa't de brief stjoerd hat. It CJIB krige dit jier al earder in poeierbrief tastjoerd. Ek it poeier yn dy brief wie net gefaarlik, it gie doe om talkpoeier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)