Poddewurkgroepen wer aktyf

28 feb 2014 - 06:48
  • Leden fan de PAD Ljouwert sette podden en salamanders oer
  • Salamander wurdt ek oerset troch de poddetrekhelpgroep

Frijwilligersgroepen yn Fryslân binne sûnt fan 'e wike wer dwaande mei de poddetrek. Yn Ljouwert is PAD aktyf. Dat stiet foar Potmarge Amfibieën Doelgroep. Se hat as doel om safolle mooglik amfibyen te helpen by de oerstek op de jierlikse trek. By it fytspaad by de hegeskoalle fan Van Hall stean skermen dy't de podden nei yngroeven amers liede. De bisten falle dêr dan yn en de frijwilligers bringe se nei de oare kant.

Yn Beetstersweach is ek in poddewurkgroep aktyf. Moarns en jûns leegje frijwilligers de amers mei podden en salamanders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)