Podden oersetten by Potmarge

17 apr 2013 - 11:34

Studinten fan it Van Hall Instituut sette dizze dagen moarns en jûns frijwillich podden oer by de Potmarge yn Ljouwert. Om foar te kommen dat de bisten deariden wurde, fange de frijwilligers deis sa'n 50 podden dy't se feilich nei de oare kant fan it drokke fytspaad bringe.

It trekseizoen fan de podden is dit jier wat letter begûn fanwege de lette froast. By de Potmarge libje in soad podden en kikkerts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)