Podde-oerstekplakken fernield

26 feb 2011 - 11:26
  • Fernielings by it podde-oerstekplak (foto: Jelle Hofstra)

Oan de Poostwei tusken Beetstersweach en De Himrik is yn de nacht fan freed op sneon in podde-oersetplak fernield. Dit is in plak dêr't podden feilich in drokke dyk oerstekke kinne. De podden falle yn amers, frijwilligers bringe dy amers dan nei de oare kant fan de dyk en litte de podden wer frij.

De amers by Beetstersweach binne fuorthelle. Dêrneist in in stek dat by it oersetplak heart, omsmiten en fernield. Ek ferkearsbuorden binne sloopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)