Poatjirpels foar Colombia

20 apr 2010 - 20:23
  • Living Foods hat in hiel nij teeltsysteem ûntwikkele

It Ljouwerter bedriuw Living Foods sil boeren yn Kolombia helpe mei de ferbou fan bettere poatjirpels. It giet om klassike oerrassen út de tiid fan de Inca's. Living Foods makket wetterbesparjende kweeksystemen foar jirpels dy't yn ôfsletten kassen teeld wurde kinne.

Foardiel is in goede kwaliteit en in hegere opbringst as by ferbou yn de grûn. De Kolombiaanske oerheid is ek by it projekt belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)