Poatierappels út de grûn

25 okt 2010 - 20:54

Fryske boeren hawwe de measte poatierappels út de grûn helle, mar troch it wiete waar rint de ferwurking noch altyd wiken efter. Neffens hannelshûs HZPC op De Jouwer sit no noch 2 persint fan de ierappels yn de grûn.

Lannen as Pakistan en Sûdan hiene har ierappels al lang hawwe moatten. No begjint de belangrike eksport nei lannen as Kuba dêr't de poaters alwer yn 'e grûn moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)