Poaters goed fan kwaliteit

08 okt 2011 - 13:34

De kwaliteit fan de Fryske poatierappels liket goed. Eksporteur HZPC hie net tocht dat it sa'n goed jier wurde soe. Benammen troch it droege foarjier wie ferwachte dat der mear sykte yn sitte soe. Wol sit der troch it wiete waar noch wolris in ferrotte ierappel by. Boeren moatte nei de risping sa gau mooglik droegje.

It is noch net dúdlik hoe't it komt mei de prizen. De hannel moat noch begjinne. Konsumpsje-ierappels wurde nei alle gedachten goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)