Poarte yn Bears wurdt opknapt

02 jul 2003 - 00:00

It poartegebou fan Uniastate yn Bears wurdt gau opknapt. Ek al is de subsydzje fan it ryk der noch net, de restauraasje begjint fan 't simmer al. It kolleezje fan Littenseradiel hat dat besletten. Mei-elkoar kostet de opknapbeurt 30.000 euro.

It gebou is it iennichste dat oerbleaun is fan Uniastate. Yn 1998 is in metalen skelet fan de eardere state delset. Al jierren wachtet it poartegebou op in opknapbeurt. De lêste kear wie yn 1963.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)