Poarte Martenastate yn gefaar

23 jan 2014 - 22:21

De âlde poarte fan Martenastate yn Koarnjum driget ferlern te gean en guon stinzeplanten driigje te fersûpen. Dêrom wolle sawol it Fryske Gea as it bestjoer fan de stifting Martenastate dêr dit jier noch wat oan dwaan. It wurk makket diel út fan in plan út 2012 dat foar de helte útfierd is. De oare helte komt no, wêrby't de poarte en de stinzeplanten de heechste prioriteit ha. It giet om planten by de wâlskant en dy igge driget no fuort te sakjen mei de stinzeplanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)