Poarte Jongemastate moat opknapt

05 feb 2003 - 00:00

It Fryske Gea hat jild nedich foar it opknappen fan de poarte fan it eardere Jongemastate yn Raerd. De poarte is yn 1603 boud. Mei de Raerder bosk is de poarte it iennichste wat noch oer is fan de state.

Eigner it Fryske Gea wol oardel ton loskrije fan sponsors en subsydzjejouwers. De gemeente Boarnsterhim hat al oanjûn net meibetelje te wollen. De bosk wurdt fan it maitiid al opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)