Poarte-aksjes by jachtwerf

22 apr 2008 - 10:30
  • Jachtwerf De Vries yn Makkum (argyf)

Jachtbouwer De Vries yn Makkum ûntdûkt de cao. Dat fine it CNV en de FNV. De fakbûnen hawwe tiisdei aksjefierd by de poarte fan de skipswerf. De Vries wegeret de leanen alle jierren mei in fêst persintaazje te ferheegjen. Dat jildt ek foar personiel dat goed funksjonearret. Under de 150 meiwurkers is in soad ûnrêst oer de hâlding fan it bedriuw. De bûnen slute in staking net út. It bedriuw ek noch yn 'e race foar ûndernimming fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)