Poarte-aksje by DE

30 jun 2010 - 15:28
  • Reade fakbûnsauto by de yngong fan it DE-terrein (foto: Martin de Jong)

Meiwurkers fan Douwe Egberts op 'e Jouwer hawwe woansdei aksjefierd by de poarte fan it bedriuw. De aksje is de earste yn in rige aksjes. De wurknimmers ha koartlyn it leanbod fan memmebedriuw Sara Lee ôfwiisd. Sara Lee biedt 1,15 prosint leansferheging, mar wol dat keppelje oan nije ôfspraken oer it pensjoen. Fakbûnen en wurknimmers fine dat sjantaazje.

As der gjin better bod komt, komme der mooglik ek stakings. By DE op 'e Jouwer wurkje goed 450 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)