Poalske jûn foar better begryp

07 jun 2008 - 13:31

Mei in spesjale Poalske jûn besykje de ynwenners fan Berltsum jûn better yn de kunde te kommen mei de grutte groep Poalen yn it doarp. Neffens foarsitter Jaap Aagtjes fan it doarpshûs hat dat te krijen mei de ûnbekendheid mei elkoars kultuer. Dêrom kinne de Poalen jûn yn de kunde komme mei keatsen en de merke. As de jûn in súkses is, sille nei de simmer de Poalen in jûn oer de Poalske kultuer fersoargje foar de ynwenners fan Berltsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)