Poalske drankrider oanholden by ferkearskontrôle

11 des 2014 - 12:11
  • Alkoholkontrôle

In Poalske bestjoerder is woansdei oppakt by in ferkearskontrôle. De man siet dronken achter it stjoer en hie ek gjin jildich rydbewiis by him. It rydbewiis wie nammentlik al earder ynnaam troch de plysje.

De plysje hold op ferskate plakken yn de provinsje ferkearskontrôles. Automobilisten waarden by Surch, De Lemmer en It Hearrenfean kontrolearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)