Poalske auto-ynbrekker pakt

19 jun 2011 - 15:00

Yn it Aldlân by Marsum binne yn de nacht fan sneon op snein twa Poalske manlju oanhâlden fan 19 en 20 jier. Se stienen om in oere of ien nachts op in carpoolplak by in parkearde auto.

De plysje stelde fêst dat dy auto net op slot siet en dat de audio-apparatuer derút helle wie. It guod lei yn de auto fan de twa manlju. It gie om in autoradio, in subwoofer en in fersterker. De Poalen binne oanhâlden. De bestellen auto is fan in 42-jierrige frou út Sint Anne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)