Poalse mei drank oanholden

23 sep 2013 - 18:36
  • Motorplysje

De plysje hat moandeitemoarn op de A7 by Boalsert in 29-jierrige Poalske automobiliste oanholden op fertinking fan riden mei drank op. De frou wie fan de dyk ôfrekke mei de auto, dy't dêrby grutte skea oprûn. De frou sels wie lykwols net ferwûne.

Ut in blaastest op it plysjeburo die bliken dat de frou te folle alkohol dronken hie. Se krige in rydferbod en der waard proses-ferbaal opmakke. Boppedat rekke de Poalse har rydbewiis kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)