Poalen oppakt yn Nij Altena

10 aug 2014 - 11:47

De plysje hat sneontenacht yn Nij Altena twa Poalen fan 21 en 22 jier oanholden. Nei klachten oer lûdsoerlêst trof de plysje yn in wenning yn it doarp tsien Poalen oan. Der waard ôfpraat dat se it wat rêstiger oan dwaan soenen. Letter dy nacht kaam der dochs wer in melding fan lûdsoerlêst.

By oankomst seach de plysje dat der in rút fan in doar fernield wie. Yn de wenning kearden de Poalen har tsjin de plysje. Twa fan har woene de plysje oanfalle en smieten bierfleskes nei ien fan de plysje-aginten. In 21-jierrige Poal waard oanholden.

De oar naaide út en ferstoppe him yn in maisfjild. In plysjehûn hie him al gau fûn, wêrnei't ek dizze Poal oppakt waard. De twa sitte foar fierder ûndersyk fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)