Poalen oppakt foar stellerij

24 jun 2008 - 09:56

De plysje hat yn Aldetrine fjouwer Poalen oanhâlden. It giet om jonges fan 18 en 19 jier âld. Se hienen moandeitejûn ynbrutsen yn in tankstasjon yn it doarp, mar waarden dêrby trapearre troch de eigner.

De eigner koe mei help fan famyljeleden de fjouwer klemride, neidat se yn in auto útnaaid wienen. Dêrnei waarden se oerdroegen oan de plysje. Dy fûn de fellingen dy´t se stellen hienen werom yn har kofferbak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)