Poalen oanholden foar pinne mei stellen pinpassen

13 feb 2015 - 12:50
  • Pinautomaat

Trije Poalske manlju fan 35, 36 en 37 jier binne tongerdeitejûn oanholden op fertinking fan it pinnen mei in stellen pinpas. Twa fan de manlju stiene lange tiid by in jildautomaat oan de Gauke Boelensstrjitte yn Drachten. Even fierderop stapte it twatal by de tredde fertochte yn de auto. Yn de auto lieten de manlju elkoar in stapel bankbiljetten sjen. Dêrop hold de plysje it trijetal oan.

Omdat de mannen wikseljende ferklearrings ôfleinen, waard nei oerlis mei it Iepenbier Ministearje besletten om de manlju oan te hâlden.

De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)