Poalen fertocht fan heling

28 aug 2011 - 16:19
  • De Wâldwei fan Ljouwert nei Drachten (foto: Omrop Fryslân)

By in bergingsbedriuw yn Ljouwert binne sneon twa Poalen oanhâlden op fertinking fan heling. It bedriuw hie earder oan de Wâldwei in ûnbehearde auto mei in Poalsk nûmerboerd ophelle. Dy lei dêr yn de sleat.

Yn de rin fan de dei kamen twa Poalen by it plysjeburo dy't harren auto sochten. Al gau waard dúdlik dat it om deselde auto fan de Wâldwei gie. Yn de kofferbak fan dy auto siet in stellen bûtenboardmotor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)