Poalen claime jild

06 aug 2008 - 08:27

In tal bedriuwen yn de Fryske grutmetaal kin rekkenje op claims fan inkelde tonnen fan Poalske wurknimmers. Neffens it fakbûn FNV hawwe dy bedriuwen de Poalen struktureel te min betelle. Dat docht bliken út harren belestingoanjeften.

De Poalske wurknimmers soene neffens de FNV goed 30 prosint minder krije as wat yn ´e CAO ôfpraten is. Mei-inoar 35 Poalen yn Fryslân hawwe no in claim yntsjinne, mar neffens it fakbûn komme der noch folle mear by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)