Poal yn Makkum oanholden

11 jan 2008 - 10:45

De plysje hat tongersdei yn Makkum in Poal (50) oanhâlden. Hy wurdt der fan fertocht in Makkumer mei in mes stutsen te hawwen. De plysje waard ynskeakele by in fjochtpartij oan de Botterstrjitte. Dêr seagen se in bloedspoar dat nei in wenning rûn. It die bliken dat it slachtoffer al mei in ambulânse fuortbrocht wie.

De plysje hat nei in koarte sykaksje de Poal oanhâlden. Beide manlju wenje yn itselde hûs en hiene spul krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)