Poal stelt minykraan

25 jul 2011 - 11:01

In 45-jierrige man út Poalen is moandei oanhâlden, omdat er op It Hearrenfean in frachtwein mei dêrop in minykraan stellen hie. De stellerij waard moandeitemoarn ûntdutsen troch in man út Molkwar. Hy sms-te in pear fan syn kollega's. Ien fan har seach de wein mei de kraan op de grutte dyk riden, yn de rjochting fan Drachten.

De plysje waard ynskeakele en dy koe de fertochte oan de kant sette. Hy is meinaam nei it buro en dêr fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)