Poal stelt jas út winkel

07 jan 2010 - 10:27

De plysje hat op It Hearrenfean in 20-jierrige Poal oanhâlden fanwege stellerij út in kleanwinkel. De man foel de plysje op omdat er him fertocht gedroech. Doe't de plysje mei him stie te praten foel der in kleanhinger ûnder syn jas wei.

Ut ûndersyk die bliken dat de man in ekstra jas oan hie. Ut neifraach by de winkel dy't op de kleanhinger stie die bliken dat de man dy jas net betelle hie. Hy is foar ferhoar meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)