Poal oppakt nei rûzje

14 des 2013 - 14:17

De plysje hat sneontemoarn yn Berltsum in pistoal brûkt om in 24-jierrige man út Poalen oanhâlde te kinnen. De fertochte hie in 29-jierrige man út Hongarije in brutsen noas slein. De Hongaar sei dat de Poal him boppedat bedrige hie mei in pistoal. De plysje naam dêrom gjin risiko en gie der mei ferskate ienheden op ôf om de man te arrestearjen.

By de arrestaasje hie de Poal gjin wapen by him. It wapen waard letter fûn yn in tún oan de Hofsleane. De oppakte man sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)