Poal moat noch straf útsitte

01 sep 2011 - 10:44

In Poal (27) is woansdei flink tsjin de lampe rûn doe't er ôffal út syn auto smiet. Hy die dat op de Trambaan op It Hearrenfean. Buertbewenners sprutsen de man op syn gedrach oan en bellen de plysje. Doe't dy kaam, hie de man it ôffal alwer opromme.

Doe't de plysjes de man syn gegevens opsochten yn it systeem die bliken dat er noch 40 dagen yn de sel sitte moast. Hy moast in boete betelje en is dêrnei nei de finzenis yn Hoogeveen brocht om de straf út te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)