Poal betrape op koperstellerij

05 des 2007 - 10:25

De plysje hat tiisdeitemiddei by in bedriuw oan de Strânwei yn Makkum in 39-jierrige Poal oanhâlden. De man wie dwaande om kabels fan it bedriuweterrein te heljen en yn syn auto te lizzen. In foarbygonger seach dat en warskôge de plysje.

De plysje fûn yn de bestelbus fan de Poal trije rôlen kopertried. De Poal waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk. Syn bestelbus is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)