Poal besiket yn te brekken

22 okt 2007 - 10:30

De plysje hat sneintejûn yn Snits in 40-jierrige man út Poalen oanhâlden. Hy woe ynbrekke yn in parkearde frachtwein oan de Lorentzstrjitte. De sjauffeur fan de frachtwein siet op dat stuit yn de wein en trappearre de man op 'e die.

De Poal rûn fuort, mar koe letter dochs oppakt wurde troch it sinjalemint dat de sjauffeur, in man fan 56 jier út Snits, de plysje jûn hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)