Poadium Griene Strân ferhuzet

01 feb 2014 - 12:01
  • Oerolpoadium op it Griene Strân op Skylge

De kommende edysje fan Oerol sil der oars útsjen. It poadium dat oars altyd op it Griene Strân stiet, wurdt no op in oar plak opboud. It giet om it betonningsterrein. It Griene Strân hâldt wol in funksje op it festival. Dêr sille grutte, byldzjende projekten te sjen wêze.

Direkteur Joop Mulder fan Oerol seit dat besikers troch de feroaring mear genietsje kinne fan it Griene Strân. Der wie altyd in soad lûdshinder troch de muzyk op it griene Waadseestrân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)