P&O Nedlloyd moat skea betelje

12 feb 2006 - 12:23

De rederij P&O Nedlloyd moat fan de gemeente Skylge de skea betelje foar it oprêden fan it strân fan it Waadeilân. It bedriuw is de eigner fan de konteners, dêr't skuon en boartersguod ynsieten.

De konteners binne tongersdei fan in grut skip ôffallen. Ek sneon wer sykje guon eilânbewenners en toeristen op it strân om dingen dy't der lizze, mei te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)