PM-kanaal wurdt ferbettere

19 feb 2009 - 11:52

De provinsje en Wetterskip Fryslân binne begûn mei it útbaggerjen fan it Prinses_Margrietkanaal. Fierders wurde de wâlkanten ek ferfongen en de kaden heger makke. It giet om it stik tusken de Krúswetters by Warten en de brêge Ald Skou. It wurk moat ein oktober dien wêze.

It útdjipjen moat it kanaal wer tagonklik meitsje foar gruttere skippen. Mei it opheegjen fan 'e kaden foldogge dy wer oan 'e easken fan feiligens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)