PM-kanaal no rykseigendom

20 des 2011 - 20:52
  • Prinses Margrietkanaal, De Lemmer

It Ryk is sûnt tiisdei eigner fan it Prinses Margrietkanaal. Deputearre Poepjes en minister Schultz van Haegen hawwe hantekens setten ûnder de oerdracht fan it kanaal. It Ryk krijt de haadfarwegen yn Fryslân en Grinslân yn eigendom omdat it behear dêrfan dien wurde moat troch Rykswettersteat. Dat fersoarget brêgebetsjinning en tafersjoch. It Ryk betellet 95 miljoen oan de provinsje, wêrfan in grut part bedoeld is om it ûnderhâld ôf te keapjen. Schultz van Haegen sei by de oerdracht dat de opwurdearring fan de farwei De Lemmer-Delfsyl trochgean moat neffens plan.

Dan kinne ek skippen fan 110 meter lingte it wetter brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)