Plysjeynset by besite Verdonk

25 feb 2006 - 18:25

De plysje moast freed yn aksje komme by in demonstraasje tsjin minister Rita Verdonk fan Frjemdlingesaken. De minister wie op besite by in VVD-byienkomst yn Ljouwert. Sa'n 100 minsken demonstrearren tsjin it belied fan de minister. Plysjeynset wie nedich om derfoar te soargjen dat de minister de Purple Loungeclub ynkomme koe.

Der binne gjin minsken oanhâlden, mar dat hie net folle skeeld, seit teamsjef Marc Jacobs fan de plysje Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)