Plysjeûndersyk Sânhuzen giet snein fierder

10 jan 2016 - 08:34
  • It hûs dêr't de minsken fûn binne
  • It hûs by Sânhuzen dêr't it drama him ôfspile hat

De plysje giet snein fierder mei it ûndersyk yn Sânhuzen. Sneontemoarn waarden yn in hûs oan de IJkenweg twa deade minsken fûn. It giet om de 34-jierrige Marja Teekens en har man Frits Houwing. It wiene de bewenners fan it hûs. Bûtendoar trof de plysje de bern oan, in jonkje fan 5 en in famke fan 6 jier.

Noch hieltyd is net dúdlik wat him yn it hûs ôfspile hat. De plysje hâldt rekkening mei in misdriuw en selsdeading; in ûngelok is net wierskynlik. De plysje hat noch gjin ynformaasje fan mooglike tsjûgen.

De plysje sil snein mei de bern prate. Ek it forinsysk ûndersyk en it buertûndersyk giet fierder. De direksje fan de skoalle fan de bern, de Vensterschool yn Noardwâlde, hat in berjocht op de webside set. Se skriuwe dat se ferslein binne troch it nijs. Moandei sil yn de groepen fan de bern op paste wize omtinken jûn wurde oan it foarfal. Der komt in betinkingsplak en in kondoleânseregister.

Sneontemiddei is in man oanholden, dy't in drone boppe it hûs fleane liet. Hy wie bylden oan it meitsjen foar kommersjele doelen, seit de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)