Plysjeteam dea jonge útwreide

19 apr 2010 - 10:12
  • Club-Q yn Quatrebras

It plysjeteam dat ûndersyk docht nei de dea fan de 16-jierrige Redmar Smedema fan Burgum is flink útwreide. Snein waarden dalik al fyftjin resersjeurs op de saak set en dat is moandei útwreide mei nochris tsien.

It slachtoffer is snein ferstoarn oan de gefolgen fan in klap dy't er sneontenacht krige yn in diskoteek yn Burgum. In tsjûgeoprop hat oant no ta mear as fyftjin tips opsmiten. Seksje op it lichem moat oan it ljocht bringe wêroan't Redmar no krekt ferstoarn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)