'Plysjesjef moat opstappe'

24 apr 2013 - 17:26

Plysjesjef Oscar Dros fan de plysje Noard-Nederlân moat opstappe nei oanlieding fan de saneamde Facebook-rellen yn Haren. Dat fine it CDA en de PVV yn de Twadde Keamer. De Twadde Keamer praat woansdei oer de rellen yn Haren. Hûnderten jongeren út it hiele lân kamen ferline jier septimber nei Haren ta. De rellen dy't útbrutsen soargen foar grutte skea yn it Grinslanner filladoarp.

Yn in rapport oer de rellen waard ûnder oare tige kritysk skreaun oer de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)