Plysjesjef Jacobs wurdt rektor

09 maaie 2008 - 12:30
  • Marc Jacobs op syn hjoeddeistich wurkplak

Plysjesjef fan Ljouwert, Marc Jacobs giet by de plysje wei. Hy wurdt de nije 'dean' (rektor) fan 'e oplieding International Hospitality Management, de eardere hotelskoalle fan de Stenden University yn Ljouwert.

Jacobs wurket sûnt 2005 as plysjesjef yn Ljouwert. Dêrfoar wie er oardel jier distriktsjef yn Snits. Jacobs giet op 1 juny nei de Stenden University. Hy is sosjolooch fan oplieding en tinkt dat er wol goed by de hegeskoalle past.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)