Plysjes yn Fryslân takom wike yn nije unifoarmen

01 des 2014 - 17:09

Fan nije wike moandei ôf rinne ek de plysjes yn Noard-Nederlân yn it nije unifoarm. Yn twa wiken tiid krije tûzenen plysjeminsken yn Fryslân, Grinslân en Drinte harren nije klean. It giet om hûnderten unifoarmen deis. De plysjes moatte harren âlde unifoarmen ynleverje.

Dermei ferdwynt it blau-wite unifoarm en wurdt ynruile foar in donkerblau eksimplaar mei giele flakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)