Plysjes wurkje langer troch

12 nov 2008 - 16:26

Fryske plysjeminsken wurkje hieltyd langer troch. Hold in plysjeman oant no ta faak op as er 61 wie, no is dy leeftyd al oprûn oant 63. Der hat sels al in ien west dy't it fersyk by de korpslieding dien hat om ek nei syn 65ste noch trochwurkje te kinnen.

De âldere plysjeminsken kinne net langer de strjitte op. Der moatte dus nije taken foar harren fûn wurde. Dochs is plysjesjef Magda Berndsen noch tige wiis mei dat hieltyd grizer wurdende plysjekorps.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)